• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 19 - 09 - 2016 - Dat de ljurk noch lang sjonge mei..


    Van de opbrengst van de verkoop van de CD De Ljurk van Jitske Draijer is bloemzaad gekocht, dat is gezaaid bij de Wolvetinte. 'Dat de ljurk noch lang sjonge mei..', wensen de initiatiefnemers.

    Op freed 16 septimber ha we  blommesie siedde op twa plakken yn natûrgebied 'de Wolvetinte'. Ien stikje bij de swellewâl en in stikje achter bij Marten Groenhof tsjin de Fluezzen oan. Meielkoar sa'n 1500 m2. Der sil takommende simmer al wol wat bloeie mar pas nei in pear jier sille de fûgels, flinters, bijen en miggen der optimaal fan profitearre kinne. En wij minsken ek fansels!!

    It blommenmengsel mei de beloftefolle namme: 'Fryslân gûnzet' is mei betelle út de opbringst fan de cd fan 'de Ljurk' songen troch Jitske Draijer mei begelieding fan fanfarekorps Studio. It lied is twa jier lyn skreaun troch Ytsie Galama  foar de suksesfolle Heidenskipster theaterproduksje  'de Kening stjêrt'.

    Dus..... mochten jim it prachtige gebied 'de Wolvetinte' ek stypje wolle; der binne noch cd's te keap bij Jitske Draijer en Ytsie Galama.

    (Ytsie Galama-Bonekamp)

     





      Terug



    • Skerven
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Houtkachelwarmte
    • Ida Hylkema
    • roeloffopma.nl
    • De Wolvetinte
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ytsen Renema
    • Wereldwinkel
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Buma
    • Gebr. Van der Wal



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl