• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 28 - 04 - 2017 - Swellew├ól in Wolvetinte


    De Grûnswel (Oeverzwaluw) is in fûgeltsje dy’t syn nêst makket troch in gong te graven yn in steile want. No ha we hjir yn Fryslân net folle kliffen en wâlen en dêrom briede se hjir meast yn foar har oanleine gelegenheiden, of yn hege sânbulten, dy’t mei bouwerij hjir of dêr lizze. Se ha it leafst  bulten as 2 meter.

    Fûgelwacht Warkum hat in nije swellewâl makke,  dizze stiet yn it natuergebiet de Wolvetinte yn it Heidenskip. 2 jier lynt hiene we al in sânbult makke foar it Grûnsweltsje en hjir sieten doe fuort 25 briedpear yn. Troch waar en wetter stoarte de sânbult wolris yn, dit wie net geunstich foar de swellen en frege in protte ûnderhâld.

    We hiene al sjoen dat er ek sânbulten wiene mei in betonnen kant der foar as stevigheid. Mei leanbedriuw Buma ha we 12 meter oan geskikte silowanden opsnort en hja woene se ek wol pleatse. Minne Okkema, bestjoerslid en bekind fan Okkema betonwurk út Warkum, hat frijwillich mar leafst twa dagen stien te boarjen om 90 gatten yn de 15 cm dikke want te meitsjen, in hiele klus! Begjin april is de wand setten troch Buma, mei behulp fan inkelde fûgelwachters (Siebe Tjalma en Riemer Miedema). It earste sweltsje is al wiernommen, hooplik kinne sy it wurk wurdearje.

    It wie al mei al noch in aardich projekt en ek in oanslach op de kas fan de fûgelwacht, welke it sûnder subsydzje oanlein en regele hat. Mar we binne bliid dat we soks dwaan koene. It wie in moai projekt om’t er al swellen brieden yn de earste sânbult, it plak liket dus tige goed. Fûgelwacht Warkum set har yn foar natuer yn eigen krite en besiket mei projekten das dizze ek breder te sjen as greidefûgels allinne, al is hjir wol it measte soarch foar nêdich.

    Ysbrand Galama

     





      Terug



    • Buma
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ida Hylkema
    • Slapen in It Heidenskip
    • Wereldwinkel Workum
    • Van Der Wal
    • roeloffopma.nl
    • Bouwkundigburo Kampen



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl