24 - 05 - 2017 - Natuur in It Heidenskip - grutto-onderzoek
Natoer yn It Heidenskip – diel 1 – op paad mei Ysbrand
As in kamikasepiloat komt in strânljip op ús ôf; we rinne mei Ysbrand Galama troch de plasdras fan Cronius Kramer oan de Ursuladyk. It lân stiet fol mei blommen – bûterblommen, pinksterblommen, soere surk. ‘Learzen oan’, hie er noch appt en dat is mar goed ek, want op sokken troch it lân is der hjir net bij. De greppels stean fol wetter en yn it slik oan de rânen steane de ôfdrukken fan allegear fûgelpoatsjes. Boppe ús holle fleane skriezen, ljippen, strânljippen en tjirken dy’t harren piken warskôgje harren te ferstopjen yn it lange gêrs en mei harren gerop besykje om de fijân fuort te jeien.
Ysbrand rint foar ús út nei in stokje dy’t er in eintsje fan in nêst setten hat, sjocht om him hinne en fouwt in pôltsje gêrs iepen. Dêr leit ien pykje, krekt út it aai. De oare aaien moatte noch útkomme, sjochst in gatsje wêrt de pyk al oan it pikken west is. Ysbrand docht de pykjes yn syn pet en rint nei syn ûndersykskiste. Dêr docht er de pykjes in flagje mei nûmmer om it poatsje en docht er allegear mjittingen sa as gewicht, lengte fan de snavel, lengte fan it poatsje en soms moat er ek wat bloed ha. De mjitgegefens wurde letter allegear ynfierd yn de komputer. Sa hat er de ôfrûne jierren al miljoenen gegevens fan de skriezen sammele.
Hij docht al tsien jjier fjildûndersyk foar de Rijksuniversiteit Groningen. Under lieding fan prof. Theunis Piersma binne in protte minsken mei in útgebreid ûndersyk dwaande nei de skries yn Súdwest-Fryslân. De pleats fan Buma wurdt brûkt as útfalsbasis en der wurde ek skriezepiken opfongen en grutbrocht dy’t it yn it lân net helje soene.
Ysbrand en Riemer Miedema dogge fjildûndersyk yn It Heidenskip, de Wiske en it Warkumer Nijlân. Harren taak is om it dwaan en litten fan de skriezen yn kaart te bringen: wêr briede se, wie briede der, hoefolle aaien binne der, hoefolle piken komme der út en wat bart der mei dy piken. Dat betsjut dat se al fanôf de iere maaitiid mei harren kiker de fûgels yn de gaten hâlde, want yn it lange gêrs is sa’n nêst hast net mear te finen. Mei gekleurde ringen en flagjes kinne se eltse skries in unike koade jaan en sa kinne se de fûgels elst jier folgje.
Nei tsien jier binne de fûgels aardich eigen wurden, mar elts jier stiet er wer foar ferrassings. Sa is der no in strânljip dy’t it nêst mei aaien fan in skries ynnommen hat. ‘Dat ha’k noch noait sjoen’, seit Ysbrand. Hij hat in kamera bij it nêst setten en de dik 3000 foto’s moatte útwize wat der krekt bard is mei de aaien.
Dat de skriezen it dreech ha, is wol bekend. It meanen troch de boeren fâlt hast altyd gelyk mei it útkommen fan de aaien en is funest foar de piken. Ek kinne de fûgels troch de lege wetterstân dreech oan fretten komme. Mar it is noch net ferlern. Troch it oanlizzen fan ‘plasdras’ en in heech wetterpeil wurde de skriezen en oare greidefûgels nei dizze gebieten lutsen. Hjir kinne se frette, ha se rêst en binne der genôch migjes foar harren en harren piken om grut te wurden. En omdat der pas letter meand wurdt, kinne de pykjes harren moai ferskûlje. De âlden sykje harren iten yn it meande lân yn de buurt.
It binne net allinne drokke tiiden foar de boeren, mar ek foar Ysbrand en Riemer. Se moatte in protte nêsten bij del en piken yn kaart bringe. Se ha sa’n 150 nesten fan de skries wêr’t se op pasje. At se te let binne, binne de piken al op hun lange poatsjes útnaaid en binne se hast net mear te finen yn it lange gêrs. Mar se pasje ek op de oare fûgels en bisten yn it lân. Dan sitte se bij it meanen bij de boer op de trekker om út te sjen nei nesten of piken of oare bisten. Sa ha se ek al lytse hassen en in jonge ree rêden.
Yn it lân fan Cronius fine ‘we’ twa nesten mei piken dy’t ringe wurden. Dêrnei giet it nei de plasdras fan Mellius, in eintsje fjirderop. Hjir binne al wat mear nesten, omdat de plasdras al langer yn gebrûk is. Wylst Ysbrand trije pykjes út in nêst yn syn pet docht – it fjirde aai is noch net út – rase heit en mem skries ús om de holle. Ek de tjirken litte fan harren heare. ‘Mar gau hjirwei’, seit Ysbrand at er klear is. ‘Dan ha se wer rêst.’
It giet oant no ta goed mei de skriezen en de piken yn de plasdras. Mar dat kin sa oars, want it gefaar fan rôvers leit altyd op de loer sa as foksen, murden en swarte kraaien. Mar ek katten snippe hiel wat piken mei. Foarich jier hat in foks op in nacht alle nesten yn de plasdras fan Mellius rôft. ‘Dan is al it wurk dus foar neat.’
Troch syn jierrenlange ûndersyk sjocht Ysbrand dat de ‘Heidenskipster’ skriezen sa stadichoan allegear nei it lân mei heech wetterpeil lûke. Mar in plasdras – ek bij Yde Engelsma is noch ien oanlein - is net allinne wichtich foar de greidefûgels dy’t hjir briede. Yn de betiide maaitiid sieten der ek in protte wulpen en hoarntsen dy’t hjir op krêften kamen foar harren reis nei Noorwegen. Der bloeie wer ljippeblommen en dit jier sit der in wettersnip yn de plasdras fan Mellius. ‘Foar it earst yn miskien wol 30 jier is der wer in wettersnip yn It Heidenskip.’
Maaie 2017 Johanna Prins en Ida Hylkema
klik hier voor de foto-reportage
klik hier voor de Nederlandstalige versie
Terug
|