• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 29 - 05 - 2017 - Natuur in It Heidenskip - de Wolvetinte


    It is in moaie woansdeitejûn at we fan Siebe Tjalma in rûnlieding krije troch it natoergebied de Wolvetinte oan de Skar. It is der in leven as in oardiel: hûnderten kobben (kokmeeuwen) en wytstirnsen (visdiefjes) litte fan harren hearre. Se ha de twa eilantsjes ynnommen yn it natoergebiet dat yn 2013 oanlein is troch de greidefûgelklub Fûgelûntwyk as ûnderdiel fan de kadeferbettering en natoerûntwikkeling fan Provnsje Fryslân en Wetterskip Fryslân.

    De greidefûgelklub wûn yn 2013 de Sulveren Skries en mei dat jild koene se in keunstwurk en in fûgelkykhut meitsje. Fanút dy ‘hut’, in iepen platfoarm, hast in prachtich oersjoch oer it gebiet. Der leit in ferrekiker en yn it skrift foar besikers is te lêzen dat der net allinne Heidenskipsters genietsje fan dizze natoer. ‘Een stukje paradijs op aarde’, skriuwt in stel út Amsterdam.

    As hege útsûndering meie wij mei Siebe it buordsje ‘verboden toegang, broedgebied’ foarbij. Yn in boatsje gean we nei it ‘peaske-eilân’. Dit is it eilantjse dat op peaskesneon 2015 – de befeamde kroadedei - troch in protte Heidenskipsters oanlein is. It waard doe fuort al ynnommen troch de fûgels en foarich jier wie it mei 300 nesten behoorlik ‘overbevolkt’. Dat fûnen de fûgels sels blykber ek, want no is in part fan de fûgels útwykt nei it gruttere ‘Ysbrand-eilân’. Sa lost de natoer it sels wol op.

    ‘Tink der om wêr’t jim stean gean’, warskôget Siebe at we it eilantsje opstappe. Wêr’t we ek sjogge, oeral lizze nesten mei aaien. Om it tellen wat makliker te meitsjen, leit Siebe bij elts nij nêst in stientsje mei in nûmmer. Op dizze woansdei 17 maaie is er bij nr. 129. Sa’n 60 nesten binne fan de kobbe – sij beskermje de lytsere wytstirnsen - en de rest van wytstirnsen. De Wolvetinte is ien fan de grutste koloanjes fan wytstirnsen fan Fryslân, fertelt Siebe. Ek lizze der aaien fan kluten en ha se dit jier foar it earst trije nesten fan de swartkopmiuw (zwartkopmeeuw). Op it gruttere Ysbrand-eilân lizze sa’n 600 nesten, de loft der boppe tilt dan ek op fan de kobben. We fiele ús dudelik net wolkom en gean nei de kant werom.

    It wetter fan de Wolvetinte is in ‘binnenmar’ dy’t troch in string skieden is fan de Fluessen. We kinne der dus omhinne rinne en hjir lit Siebe de nijste projekten fan de greidefûgelklub sjen. Dit jier is der mei help fan leanbedriuw Buma in swellewâl delsetten. De kraan wie noch mar krekt fuort of de earste ierdswellen (oeverzwaluwen) hiene der al in plakje fûn. Der binne no al sa’n 60 holtsjes bewenne; sa no en dan komt der in swel út in gat fleanen.

    Fjirderop driuwe der lytse flotsjes yn it wetter. Se binne oanlein foar de blaustirns (zwarte stern). De fûgel is alris signalearre bij de Wolvetinte, mar hat der noch net brieden. Yn it (ôsluten) wetter ha se ek ielstikel (krabbescheer) útsetten, mar dêr is noch neat fan te sjen. Ek op it nije ‘Siebe-strân’ dat krekt oanlein is foar de fûgels is it noch rêstich, mar dat kin sa feroarje at de fûgels it wer benauwd krije mei harren allen op it eilân en útwike nei oare nestelmooglikheden.

    Sa ûntwikkelt Fûgelûntwyk it natoergebiet elts jier fjirder. It leauwst soene se it wetter simmers wat sakje litte, sadat der wer oare fûgels komme, mar dat ha se noch net oprêde kinnen bij it wetterskip. Neidat we noch wat skrean ha yn it skrift, ûnderwilens skitterend tasongen troch de reidgoars (rietgors), litte we de fûgels mei rêst en fietse we werom nei de buurt. We ha in prachtich stikje It Heidenskip sjoen.

    Johanna Prins en Ida Hylkema

     

    Klik hier voor de fotoreportage

    Klik hier voor de Nederlandstalige versie

     





      Terug



    • Ida Hylkema
    • Gebr. Van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ytsen Renema
    • Houtkachelwarmte
    • Wereldwinkel
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Bouwkundigburo Kampen
    • roeloffopma.nl
    • Skerven
    • Buma
    • De Wolvetinte



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl