• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 17 - 03 - 2018 - Sulveren Ljip voor Riemer Miedema


    Riemer Miedema hat freed 16 maart it earste ljipaai fan Fryslân fûn yn it lân fan Fouke en Jolmer de Vries. Hij wie tegjeare mei syn maat Jesper de Vries út Koudum te aaisykjen en seach it aai as earste lizzen. Sneontemoarn krige hij op it hiem fan Jolmer út hannen fan CdK Arno Brok de Sulveren Ljip útrikt.

    Riemer hie it net ferwachte, mar it aaisykjen is him ek net frjemd. Hij fûn ek alris it earste aai fan de basisskoalle De Brêge en fan de jeugdfûgelwacht. Hij is lid fan de Fûgelwacht Warkum en yn de maaitiid in protte yn it fjild te finen om skriezepiken op te spoaren en te ringjen foar it ûndersyk fan 'team Piersma' út Grins.

    It twadde ljipaai fan Fryslân is ek yn It Heidenskip fûn. Hendrik B. Haanstra fûn it yn it lân fan Marten Groenhof en wie dermei de 'earste' fan Súdwest-Fryslân. 

    Klik hjir foar it berjocht en foar Riemer syn ferhaal op Omrop Fryslân

    (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)

     





      Terug



    • Bouwkundigburo Kampen
    • De Wolvetinte
    • Ytsen Renema
    • Buma
    • Skerven
    • Houtkachelwarmte
    • roeloffopma.nl
    • Wereldwinkel
    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ida Hylkema



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl