• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 29 - 09 - 2018 - Menno en Marion groeten It Heidenskip


    Freedtemiddei 28 septimber. In moaie middei om noch efkes in eintsje te fytsen. It lêtste wykein foardat de pont ‘It Oerset’ oer de Yntemafeart der wer in winterskoft út giet. Mar ek it lêtste wykein dat Menno en Marion Sappé de pont betsjinje. Nei 9 jier hâlde se der mei op. It is moai west.

    Njoggen jier lyn reagearden Menno en Marion op in stik yn de krante wêr’t om in nije pontbaas frege waard. Se woenen it wol in pear jier dwaan, mar it waarden der njoggen. Menno waard in begrip yn de Súdwesthoeke en fier derbûten. De fleurige pontbaas hie altyd in praatsje klear foar eltsenien dy’t er oersette. Fan toeristen oant wurkfolk en fan fitte senioren oant skoallebern. Syn bakjes mei dropkes en hartsjes, it kistke en de tas mei it jild, it brokje foar de hûn en syn skunnige praatsjes, it hearde bij Menno en de pont.

    Hij wie ek it pratende VVV-kantoar fan It Heidenskip en de Súdwesthoeke. ‘Ik stjoerde minsken altyd efkes nei it tsjerkje en de fierljepskâns. Dat tsjerkje, dêr moatte jim mear mei dwaan’, seit er. ‘Bygelyks om eksposysjes yn te hâlden. Minsken fine it prachtich om efkes yn it tsjerkje te sjen.’

    Dizze simmer namen se it beslút om der mei op te hâlden. ‘We hebben de beslissing samen en heel bewust genomen’, seit Marion mei har Limburgse aksent. ‘Maar je sluit wel een deel van je leven af. Het was een bijzondere tijd.’ Menno is der suver wat oandien fan. En hij net allinne. Op dizze freedtemiddei komt der in man del mei in pakje. ‘Ik woe jo noch efkes bedanke en it alderbeste tawinskje’, seit er mei in snik yn de stimme. Menno lit my  yn harren knusse wenboat de útstalling op de strykplanke sjen: allegear kadootsjes dy’t se al krigen ha. ‘Dat jout in geweldige foldoening.’

    Menno wie dan ek gjin gewoane pontbaas. ‘Ik woe de pont toegevoegde waarde jaan’, seit er. ‘Minsken moatte rommer tinke en rommer leve en wat foar mekoar oer ha, it strakke moat der wat ôf. En dat is slagge.’ Hij tinkt dat er it meast ûnwennich wurdt fan de Heidenskipster skoallebern dy’t er eltse moarn en middei oersette. ‘Dat is altyd geweldich west. Se kamen de pont op mei: goedemorgen Menno en gienen der ôf mei: bedankt Menno. Dat fyn ik moai, mar ek wichtich, sa heart it. Troch de pont waard de wrâld fan de bern ek grutter en koenen se rommer libje.’

    Se stienen fan 1 april oant 1 oktober klear foar de fytsers en rinners dy’t nei de oare kant fan de Yntemafeart woenen. Fan 8 oere moarns oant 8 oere jûns en soms ek wolris earder of letter. De bern wienen der moarns soms al om 7 oere, mar dat makke Menno net út, hij wie der ek. En ek mei fierljepwedstriden en Heechspanning joegen se it publyk en de Heidenskipsters de romte om jûns nei achten noch mei de pont nei hús ta te kinnen. Mar se gienen om 8 oere jûns ek wolris te fytsen, om foar te kommen dat se de hiele jûn ek noch oan it wurk wienen.

    De lêtste jierren waard it dreger. It wurdt hieltyd drokker mei (elektryske) fytsen en mei boaten op it wetter en it lichem begong tsjin te sputterjen. ‘Je begjinne de oeren no te fernimmen. Menno is 75 en it lichem begiet in bytsje op te reitsjen’, seit er. Marion wurke altyd as medysk sekretaresse yn it sikenhús en is sûnt in skoftke út it wurk wei sadat se de pont wat faker betsjinje kin, mar harren beslút om te stopjen stiet fêst. ‘Het is goed zo.’

    Lyk as oare jierren gean se earst mei de Boppeslach op fekânsje en ‘oerwinterje’ se yn Amsterdam. ‘Ik ben een stadsmens’, seit Marion. ‘Ik vind het hier prachtig, maar in de winter zou het me te stil zijn.’ Wêr’t se dêrnei hinnen gean, witte se noch net, want de gemeente Ljouwert hat harren skip wegere yn de haven foar historyske wenboaten en dizze wike kaam de útspraak fan de Raad van State, dy’t de gemeente gelyk joech. In tsjinslach foar Menno en Marion, dy’t no in oar plakje sykje moatte.

    Mar earst noch in wykein de pont faren. Hinne en wer, hinne en wer. Snein om 6 oere hâlde se der mei op. Dan bringe se de pont nei Heeg en goaie se de trossen fan de Boppeslach los.

    Tegjearre bringe se my noch ien kear nei de Heidenskipster kant fan de Yntemafeart. It jout in nuver gefoel, sa’n einde fan in tiidperk.

    Menno en Marion, bedankt namens de Heidenskipsters, it giet jimme goed.

    Ida

     











      Terug



    • roeloffopma.nl
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ida Hylkema
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ytsen Renema
    • Wereldwinkel
    • Houtkachelwarmte
    • Skerven
    • De Wolvetinte
    • Gebr. Van der Wal
    • Buma
    • Slapen in It Heidenskip



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl