07 - 06 - 2020 - Bourgondische tuin in It Heidenskip
(klik hier voor de Nederlandstalige versie)
(klik hier voor foto's)
Bourgondische tún op de Fryske klaai
De Friezen die de tuin van Lies en Feiko Pijst in It Heidenskip bezoeken, vallen zowat om van verbazing. ‘In dit kale boerenland verwachten ze zo’n paradijselijke plek niet. Ze staan hier plotseling in een andere wereld.’
Sa begjint de reportaazje yn it junynûmmer fan it blêd Groei en Bloei. Lies en Feiko Pijst krigen foarich jier in sjoernalist en fotograaf op besite en harren tún stiet no mei in grutte reportaazje yn it renommearre túnblêd. En dêr binne se best grutsk op.
Tweintich jier lyn sochten se in hús yn de omkriten fan Snits, omdat Feiko wurk krige as apotheker yn it Antonius Ziekenhuis. Doe’t se it pleatske en de tún fan Jan en Tilly Broers oan de Heidenskipsterdyk 69 seagen, wienen se fuort ferkocht. Jan en Tilly hienen al in grutte tún oanlein en dy ha se yn de rin fan jierren fjirder útbouwd.
Ik moetsje de twa yn harren túnhúske midden yn it paradys. Mei útsjoch op de fiver en midden tusken de bloeiende roazen en oare planten. In folle kroade en skeppe bringe my werom nei de werklikheid: hjir wurdt eltse dei hurd wurke om de tún te ûnderhâlden en fjirder yn te rjochtsjen. It is in protte wurk, jouwe se ta, mar it is harren lust en leven. ‘Als het je voldoening geeft, ga je ermee verder.’ Lies komt út in ‘griene-fingers-famylje’ en at Feiko him yn in projekt fêstbyt, sil it klear ek. ‘De tuin houdt ons jong, maar het wordt wel eens wat veel op onze leeftijd. Gelukkig worden we veel geholpen door Heidenskipsters; daar zijn we erg blij mee.’
Feiko liedt my rûn yn de tún. Hij neamt de Latynske nammen fan de planten en wiist my op de klinkerpaadsjes dy’t troch de grutte borders rûn de viver slingerje. Ek fan de roazen (rûn de fjirtich) neamt hij feilleas de nammen. We rinne troch de ‘bûtentún’, de ‘jungle’, en it hôf mei in 150 jier âlde appelbeam. Hjir en dêr binne sitsjes om altyd yn de sinne of just yn it skaad sitte te kinnen. It ‘jûnsbankje’ is in âlde tsjerkebank út it tsjerkje fan Siebe en Tryntsje.
Indied: dit ferwachtest net yn it wynderige It Heidenskip. ‘We vinden het een hele eer dat we met een reportage in Groei en Bloei staan en zijn trots op onze tuin. Mensen uit It Heidenskip die een kijkje willen nemen, zijn van harte welkom.’ In besite is seker de muoite wurdich. Graach wol efkes skilje: 0514-523454.
Ida
Terug
|