06 - 11 - 2020 - Jeugdclub zoekt het perfecte plaatje
Meitsje in moaie of grappige foto oer de hjerst of Haloween. Mei die opdracht gie de jeugdklub oan it wurk. Leden fan de fotoklub Blitse Flits mochten de foto's beoardiele en keazen de foto fan Klaske Matty de Vries as grappigste en fan Elyn Buren as moaiste.
Klaske Matty hie har kealtsje 'oanklaaid' foar de hjerst. Dat foel noch net ta: se hie in middei wurk hân om it kealtsje mei learskes en in paraplu op de foto te krijen. Elyn hie in knappe foto ynlevere fan in profiel mei fâlende bledsjes. De winnaars krigen in 'âlderwetske' kamera mei roltsje om noch mear foto's te meitsjen. Mar dan wol earst knippe, dan ûntwikkelje en pas dan sjen hoe't se wurden binne.
Klik hjir foar alle foto's
Terug
|