• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 03 - 07 - 2010 - Keunst en kjeld yn kreaze tunen (ferslach 20 juny)


    IT HEIDENSKIP. Dat it 20 juny sa miters kâld wêze koe hie Rinkje fan der Heide net tinke kinnen, doe’t se in lyts jier lyn it idee krige om yn 2010 in túnrûte yn It Heidenskip te organisearjen.
    Earst gie se oan ’e slach om minsken te finen dy’t dêr ek foar fielden. Tegearre mei Ytsje Hettinga gie se in tal tunen bydel. De túnbesitters wienen dalik entûsjast. Doe’t beide it der oer eins wienen dat der in moaie rûte te plannen wie, sochten se fersterking. Peek Bonebakker, Toon Hoppenbrouwers en Ytsje Heins wienen dalik ree om de organisaasje fan it gehiel mei op harren te nimmen.
    Mei-elkoar wienen se it der gau oeriens dat yn Heidenskipstertunen ek Heidenskipstertalinten, of talinten dy’t dêr berne binne, oanwêzich wêze moasten. It waard sawol mei de tunen as mei de talinten in soarte fan Swaan kleef aan. Hieltiid mear minsken rûnen waarm foar it idee.

    Sa koe it dat yn al dy moaie tunen prachtige keunstwurken, bylden, skilderijen, quilts, tekstylkeunst en foto’s te sjen of sfearfolle muzyk, sang of foardracht te hearen wie.
    Sa’n twahûndert minsken hienen de moed en kom by de kachel wei en krij de fyts of oar ferfier en gean op ’e strún nei túntalint of talint yn ’e tún.
    It kuierke achter de ‘kninebuert’ lâns wie foar guon minsken tige ferrassend. Mar ek de pleatsen dy’t faak út ’e fiertewei wol te sjen binne, waarden no fan tichteby mei fernuvering besjoen.
    It passe alhiel, no’t it sa kâld wie, dat de besikers harren even opwaarmje koenen yn It Swaeigat en dêr in kop sop of in broadsje ta harren nimme koenen.
    Mei elkoar koenen de besikers by Marqueritte Clasquin oan in skilderij wurkje. Dit hat as resultaat dat der in tige boartlik skilderwurk (foto 4) makke is, dat meikoarten yn it doarpshûs te bewûnderjen is.

    It tal foto’s dat foar de fotowedstriid ynstjoerd waard wie beheind. De sjuery hat unanym de foto fan Ida Hylkema as bêste útkeazen om’t dizze foto de beide aspekten, sawol tún as keunst sjen lit: It publyk genietsjen fan foardracht fan de keunstner yn in prachtige tún. (foto 3)

    As dank foar alle ynset fan túnkers, keunstners en frijwillegers waard it projekt sneintejûn 27 juny mei in hapke en in drankje ôfsletten yn de tún fan Hein en Peek Bonebakker oan it Sânmar De kommisje sjocht werom op in slagge barren.

    Ien fan de besikers stjoerde in e-mail om de kommisje tank te sizzen en de belibbenis fan de dei wer te jaan:

    “Ik heb vandaag een bijzondere mooie dag beleefd met jullie programma "talinten yn `e tún".
    Prachtige tuinen gezien, mooie boerderijen en woningen (ook van binnen) bekeken.
    En dan de quilts, schilderijen en keramiek enz., wat een talenten.
    En genoten van de muziek o.a. piano bij Jörg en het koortje bij Bonebakker.
    Het laatste hoorde je bij het weggaan langzaam wegsterven, prachtig.
    Over de weidse vergezichten heb ik het dan nog niet eens gehad.
    In een woord ’fantastisch’.”

    By de foto's:

    zangkoortje Catrien Brandsma met
    Els Rowies, Marijke Lodeweges, Lino Merkus, Wim Mendelts

    schilderkunst Renske Minnema

    winnende foto: streekdichter Ytsje Hettinga lêst foar yn de tún fan de famylje Pijst oan de Heidenskipsterdyk

    schilderij "Talinten yn 'e tún"











      Terug



    • Buma
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Skerven
    • roeloffopma.nl
    • Ida Hylkema
    • De Wolvetinte
    • Ytsen Renema
    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal
    • Houtkachelwarmte
    • Wereldwinkel



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl