Biljert toernoai  It Heidenskip

Yn it wykein fan freed 9 jannewaris en sneon 10 jannewaris ‘26 wolle we graach in biljert toernoai hâlde foar alle Heidenskipsters en âld ynwenners yn it Swaeigat.

Elkenien kin meidwaan sa wol geoefenden as ûngeoefenden. De kosten binne 5 euro.

Foar  de nije spilers dy’t noch nea biljerten ha, is der in mooglikheid om te oefenjen op freedtejûn 19 en 30 desimber. De bar is dan iepen en leden fan de biljertferiening binne oanwêzich om te helpen en tips te jaan. Eltsenien is wolkom en we wolle der in gesellige jûn fan meitsje.

Der wurdt spile yn poules fan 4 persoanen op freedtejûn en sneon oerdei. De poulewinners geane troch nei de finale. Dy wurdt sneontejûn spile troch in ‘knock out’ systeem en hjir komt de bêste biljerter fan It Heidenskip út.

Fansels is it ek mooglik om jimme yn groepkes fan 4 op te jaan dan kinne jimme tsjin elkoar spylje en ha jimme in poulewinner.

We spylje 20 beurten per wedstriid. Foar geoefende spilers it oantal karamboles graach ek opjaan.

Leden fan “It Krytsje” kinne harren fêst oanmelde. We ha ek ferlet fan frijwilligers om te helpen mar beide kin ek.

Opjaan by:

Els vd Werff 06-2067.8061

Michiel Galama 06-4277.4436