• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 31 - 01 - 2020 - Toneelavond: 'Yn it Oare Fel' organiseert



    Toanielferiening ‘Yn it Oare Fel’ It Heidenskip organisearret in jûn op Freed 31 jannewaris 2020.

    75 jier ferlyn, it lêste jier fan de 2de wrâldoarloch, wiene yn Nederlân in soad minsken net wêr’t se wêze woene. Hoe wie dat doe yn It Heidenskip mei al dy frjemde minsken oer de flier? Gerrit Twijnstra sil ús hjir wat oer fertelle.

    Dernei spylje wy de ienakter: ‘Noch frij paad’.
    Skreaun troch James Breamly, yn it Frysk oersetten troch Jan Kalsbeek.

    It stik spilet him ôf op in buorkerij yn in grinsgebiet fan in diktatoriaal regearre lân.

    Rezjy: Y&Y, Muzyk: Jitske

    Oanfang: 20.00 oere yn It Swaeigat – It Heidenskip Leeftiid: fanôf 12 jier
    Yntree: 10 euro
    Kaarten kinne besteld wurde op bankrekkeningnûmer:
    NL 37 RABO 0372 150 365. Graach mei jim namme der by. De kaarten lizze dan klear by de yntree.

    Mei dank oan: Stifting Bas Backer, Stifting Juckema Siderius (en alle oare stipers, dy’t ek noch graach stipje wolle, mar by it ter parse gean fan dizze utnoeging dit noch net wisten dat se meidwaan wolle).



      Terug



    • Hielkje van der Wal
    • Wereldwinkel Workum
    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal
    • roeloffopma.nl
    • Buma
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ida Hylkema
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ytsen Renema
    • Houtkachelwarmte



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl