• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 03 - 08 - 2012 - Studio op de radio


    Snein yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan fanfare 'Studio' fan It Heidenskip oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De fanfare stiet ûnder lieding fan Marten Miedema en spilet trije wurken. Fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen 2011 ha wy al in soad fan hearre kinnen, snein yn de útstjoering de bydrage fan brassband 'Ere zij God' fan Damwâld ûnder lieding fan Gerben Huizinga út de fjirde divyzje. Ek opnamen út it argyf fan it 27e Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. No snein opnamen fan brassband 'Euphonia' fan Wolvegea ûnder lieding fan Durk Annema en brassband 'Looft den Heer' fan Garyp ûnder lieding fan Hille van Hijum

    Fanfare 'Studio' fan It Heidenskip spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
    As the Deer - Martin Nyström
    Trimbeka - Carl Wittrock
    Alpina Saga - Thomas Doss

    Brassband 'Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
    Evolution - Five States of Change - Philip Sparke

    Brassband 'Looft den Heer' fan Garyp spilet ûnder lieding fan Hille van Hijum:
    Legend in Brass - James Curnow

    Brassband 'Euphonia' fan Wolvegea spilet ûnder lieding fan Durk Annema:
    Crimond - arr. H. Oldenstyl
    Cortège from Mlada - Korsakov
    The Light of the world - J. Dean Goffin

    Gearstalling: Aise van Beets
    Alle opnamen út dizze útstjoering kinne jo ek hearre op ús ynternetstjoerder http://www.koperkanaal.nl

     

    De útstjoering stiet al online: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/muzyk-maskelyn-fan-5-augustus-2012





      Terug



    • Yn.Ge.Wikkel
    • Houtkachelwarmte
    • Ytsen Renema
    • Ida Hylkema
    • Buma
    • Wereldwinkel Workum
    • Bouwkundigburo Kampen
    • roeloffopma.nl
    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal
    • Hielkje van der Wal



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl