• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 15 - 02 - 2010 - Toaniel it Oare ..


    Toanieferiening it Oare Fel zet “Sneeuwwitje” op de planken.

    Zaterdag 13 en zondag 14 februari was Dorpshuis it Swaeigat omgetoverd tot een heus sprookjesland.

    Het bekende sprookje ‘Sneeuwwitje en de zeven dwergen’ was door Ytsje Galema bewerkt tot toneel dat jong en oud zeer tot de verbeelding bleek te spreken. De volle zaal met de kleintjes, de wat grotere jeugd en de volwassenen, allen waren uiterst geboeid door het magnifieke spel, dat geen enkele ruimte liet om met je gedachten af te dwalen. De werkelijk prachtige kostuums en toneelattributen vormden een eenheid met het uit te beelden verhaal. Ziedaar het decor waarin de Heidenskipster toneelspelers zich voelen als vissen in het water!

    Het moet de kleintjes raar vergaan zijn de móóiste van het te land ‘dea’ te zien liggen in de glazen kist en de ijdele koningin haar kwade spel uiteindelijk te zien verliezen…. Dat zeven super dwergen zich over Sneeuwwitje ontfermden moet ze geroerd hebben. En voor de ouderen was het ook een magnifiek schouwspel, even terug in sprookjestijd. De spelers waren zo geknipt voor de eigen rol als leefden zij dagelijks in de sprookjeswereld, die zij vertolkten. Alle spelers onder de deskundige leiding van regisseuse Ytsje Kramer, de toneelbouwers, de kleedsters en de schminksters, Jitske achter de piano en de mensen van het licht en het geluid, wat hebben jullie een prestatie geleverd die naar veel meer smaakt. Super!

     

    Toanielferslach  door Y.G.

    Sneeuwwitje en de 7 dwergen

    Hoe’t it begûn

    Der wie ris noch net sa lang lyn yn in lân tichtby, in toanielklup dy’t betocht dat er dy winters wol ris wer wat op ‘e planken brocht wurde koe. Dat doe’t de earste hjerststoarmen de fjilden teisteren, gie it fiifkoppich bestjoer om ‘e tafel sitten. Se bûgden harren fol enerzjy oer de fraach: Wat dan? Ja, wat dan. Nei noch mear kofje en tee, wie de fraach feroare yn: Wat net? No gjin jûnfullende trije-akter want dan moat der safolle leart wurde. Ek gjin iepenloftspul, it wurdt op’t lêst winter en dy winters kinne yn dat lân hjir net sa fier wei, lang en kâld wêze. Al hie it bestjoer dêr op dat momint noch gjin weet fan. In musikel? Safolle sjonge? Sjonge is aardich mar lang net elkenien hâldt der fan dus dat ek net. Nei ryp berie wurdt besletten dat it krekt as meastal wer gewoan in ienakter wurde moat. Mar krekt as altiten moat it net gewoan in gewoan stik wurde mar hiel wat oars. Wat oars?

    De stoarm bûten helle mear en mear oan. Mar binnen brânde de kachel en de buorrel smakke goed dus it praat dwaalde ôf. Och skrik, wat wie it al let, se moasten nedich nei hús! O ja, boekjes, der moasten wol boekjes bestelt wurde mei ienakters deryn.

    Nei in wike as wat fan boekjelêzen docht bliken dat der neat fan harren gading bij sit. Undertusken dwarrelje de earste snieflokken al oer de útgestrekte landerijen fan it lân hjir net sa fier wei. En noch altiten binne der gjin knopen troch hakt. Oant ien holle fan it fiifkoppich bestjoer, him herinnert dat der earne bij ien fan de leden yn de argiven it sprookje fan Sneeuwwitje en de 7 dwergen leit te lizzen. Soe dat miskien? Ja, dat sil. Mei faasje wurde der yn in wike tiid 16 spilers, regy en in seal regele. Pfff, hé, hé! Der net oantinkend dat it measte wurk dan noch komme moat.

    Elke tiisdeitejûns toanieljûn.

    Och sa gesellich, foaral ek it neisitten. Sels ekstra repetysjes wurde mei entûsjasme ûnthelle. Alle spilers komme sa stadichoan “Yn it oare fel”. Ek al mei’t de kûpeuzes tige harren bêst dogge om elkenien yn de goeie klean te hijsen. Ek wurde der faklju foar it bouwen fan it dekôr frege. Wat seit de regisseur? In skeve tafel en in skeve bank? En dat freegje je oan in fakman? Mar goed, de oare wyks stiet alles wol te plak. Ferskes deryn? Ek moai want Sneeuwwitje en de dwergen kinne wol goed sjonge. Ja, dêr moatte we wol wer ien foar freegje. Wa docht dat? Film, ek moai, dogge we der yn. O gelokkich dat regelt de regisseur. Lûd? Ljocht? Smink? Reklame? Foar in lege seal spylje hat ek net folle doel. Fersiering hal? Programma nei de tiid? Freegje we de feestkommisje foar. We hoege fansels ek net alles te dwaan! 

    Boppeste rigele: Alle Kampen, Anna de Vries,  CaroLien Kampen
    2 de: Ytsie Galama, Welmoed Zeinstra, Betty Bakker, Antje v.d. Wal.
    Klaasje Ylstra, Marten v.d. Wal
    3de: Johannes Plantinga, Johannes de Boer, Eelco v.d.Werff, Klaas Bokma,
    Jitske Draijer, Ytsje Kramer, Tryntsje Noordenbos, Johannes Oenema.
    Foaroan: Cronius Kramer, Johanna Bakker

    En dan is it safier.

    13 febrewaarje 2010. Jûns om healwei achten rint de seal al aardich fol. Meast Heidenskipsters. Guon bern binne prachtich ferklaaid. Jûns tsjin achten hat it wolkomskommitee al 200 minsken troch de doar litten. Omfalle is dan op de tribunes net mear mooglik. Mei klopjende herten stean efter de kûlizen de spilers yn de startblokken Nei it iepeningswurdsje fan de spreekstalmeester, kin it heve.

    Mei in grut boek komt de fertelster op. Op de film sjogge we Sneeuwwitje al even dûnsjen yn ‘e snie. Dan komme de spilers op. De boaze keninginne sit fuortdaliks yn har rol. Se is elkenien de baas. Tinkt se. Mar de spegel tinkt der oars oer. Hiel earlik fertelt dy har steeds wer de stân fan saken oer it libben en wolwêzen fan Sneeuwwitje. Sjongende wei komme de 7 dwergen op. (Fariërend yn lingte fan 1.80 oant hast 2 meter) Se binne och sa wiis mei de moaie Sneeuwwitje. Sels as se yn it glêzen kistke leit wolle se har noch net misse. Mar de prins en de jager ha wol safolle oerredingskrêft dat se belies jouwe. En as Sneeuwwitje dan ek noch wekker wurdt en mei de edele prins trouwe wol, is it hielendal feest!

    Slingers en konfetty dwarrelje oer de feestgongers en troch de seal. (dat betsjutte twa oeren stofsûgerjen dy nachts...) En lokkich rûn dit sprookje, krekt as alle sprookjes, goed ôf. De boaze keninginne krige har fertsjinne lean en ferdwûn, troch tadwaan fan de spegel, foar ivich!  En Sneeuwwitje en de Prins? Dy libben noch lang en lokkich.

    De spilers krigen in fertsjinne, steand, applaus!

    Mar de jûn wie noch net om.

    It fierdere programma wie oan de feestkommisje. In echte ‘Ik hou van Holland’ kwis wie der yn elkoar draaid. Fûleindich striden fjouwer partijen om de prizen. (Ja, wat it úteinlik oplevere hat, dat is ús efkes ûntkommen, it spul wie dus dúdlik belangriker as de knikkers) Doe wie it sa stadich oan 11 oere en naam Sven Kramer de regy oer. Op in grut skerm koene we syn ferrichtingen op de 5 kilometer yn Vancouver folgje. Goud, moai sa!

    Sneintemidzje 14 febrewaarje.

    Op de bûtefeart glieden de riders op it iis op wei nei de Hofmar of Fluessen. Mar likegoed wer in folle seal. Famylje, kunde, Warkumers. In gemelieard selskip. Mar likegoed entûsjast. Wer in sukses! Efkes kofjedrinke mei bekenden en dan nei hús of, en dat jilde foar de measten, ôfbrekke en opromje want moarn moatte de volleyballers der wer yn.

    Sven hie goud mar dit wie ek foar ús, om mei de wurden fan ien fan de leden te eindigjen: In wykein mei in gouden rântsje. 













      Terug



    • Gebr. Van der Wal
    • roeloffopma.nl
    • Ida Hylkema
    • Hielkje van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Buma
    • Wereldwinkel Workum
    • Houtkachelwarmte
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ytsen Renema



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl