• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 09 - 02 - 2015 - NK touluken


    Ofrune sneon die TTV It Heidenskip wer mei oant it Nederlans
    Kampioenskip Touluken , dizze kear holden yn Volendam.

    We begunnen yn de 680 kg klasse , wer we de titel ferdiedigje moasten.
    Der wiene 9 teams yn de 680 , en we waarden 2e yn de poule. De heale
    finale wunen we , dus troch nei de finale. Hjir moasten we tsjin TTV
    Monnickendam , en die wie te sterk ....Dus foar us in 2e plak.

    Yn de 680 stiene : Meine Kampen , Durk Tjalma , Hendrik Miedema , Rene
    Rypkema (letter wissele foar Bauke Folkertsma) , Arjen Kampen , Jan
    Bernard Feenstra , Lieuwe Boersma en Bauke Smeding. Coach Feike van der
    Heide.

    De jeugd die ek mei yn in poule fan 9 teams. Der waarden se hiel knap
    3e. Dat diene Jente Renema , Ruben van der Heide , Wieberen
    Uittenboogaard , Remco Uittenboogaard , Wessel Gaastra en Arie Willem
    Snoek. Coach Jelle van der Velde.

    Dernei diene der noch 2 teams fan it Heidenskip mei yn de 6 tal klasse
    oant 540 kg. Der diene 8 teams oan mei , en beide Heidenskipster teams
    kamen bij de earste 4. Dernei wunen se ek beide de heale finale's , en
    dus wie de finale tusken Heidenskip A en Heidenskip B! Dit waard wun
    troch Heidenskip B.
    Heidenskip B: Meine Kampen , Ruben van der Heide , Arjen Kampen , Bauke
    Folkertsma , Atze Bosch en Bauke Smeding. Coach Feike van der Heide.

    Heidenskip A: Durk Tjalma , Hendrik Miedema , Rene Rypkema , Jan Bernard
    Feenstra , Lieuwe Boersma , Arjen De Vries . Coach Jelle van der Velde.  
     
     
    Mei dit toernooi sit it seizoen fan ttv It Heidenskip der al wer op.
    Fanne simmer begjinne we al wer te trainen foar it WK takom jier
    februari , ek yn Volendam.









      Terug



    • Ida Hylkema
    • Buma
    • De Wolvetinte
    • roeloffopma.nl
    • Gebr. Van der Wal
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ytsen Renema
    • Wereldwinkel
    • Slapen in It Heidenskip
    • Houtkachelwarmte
    • Skerven



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl