• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 25 - 10 - 2015 - Gerben Rypma Kuiertocht


    Mei prachtich 'Oerpolderwaar' rûnen mear as 100 minsken sneon 24 oktober fanút it doarpshús ûnder lieding fan Fouke de Vries en Siebe Tjalma lâns de Fluezen rjochting natûrgebiet de Wolvetinte. Nei útlis hjir en dêr waard it tiid foar in bakje en in stikje koeke yn de pleats fan Alle en Janke Kampen. Tenminste, as men talitten waard yn de skuorre, want de wachten wiene streng. Yn de golle siet fanfare Studio en dy begeliede sjongeres Jitske Draijer bij de lieten dy't se foar it oanwêzige publyk song. It earste liet wie it gedicht fan Gerben Rypma oer It Heidenskip wat yn 2006 de titelsong fan it teaterstik 'Achter 17 hikken' wie. Dêrnei kamen der noch twa lieten út it teaterstik 'De Kening stjêrt': Frij en de Ljurk. Nei dit 'piipskoft' gong it troch de greiden werom nei it doarpshús, wêr't noch 'romsitten' waard.

    klik hjir foar de foto's fan Ytsie Galama

     





      Terug



    • Houtkachelwarmte
    • Ida Hylkema
    • roeloffopma.nl
    • Ytsen Renema
    • Wereldwinkel
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Skerven
    • Gebr. Van der Wal
    • Buma
    • Bouwkundigburo Kampen
    • De Wolvetinte
    • Slapen in It Heidenskip



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl