• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 13 - 04 - 2010 - Sjong 2010


    Sjongtalint út it Heidenskip pleatst har foar de finale fan Sjong 2010.

    Sjong is in populair sjongfestifal fan Fryslân foar learlingen fan 12 oant en mei 18 jier. It is de bedoeling dat dielnimmers in eigen Frysktalige tekst op in besteand pop- of rapnummer foar it fuortljocht bringe. Dat kin allinne of yn in groep, mei ‘live-begelieding’ of mei help fan in orkestbân.

    Yfke Kampen, learling fan it Marne College yn Boalswert, hat sels in begeliedingsband opsetten en se ha harren pleatst foar de finale op 24 april yn Dokkum. Yfke hat tegjearre mei Akke Boonstra út Wjelsryp de Fryske tekst skreun op de melodei fan: Like the way I do fan Melissa Etheridge. It nummer hjit yn it Frysk ‘Us mearke’. Hjirmei binne se ek nominearre foar de tekst publykspriis.

    Jimme kinne harren hjir by steune troch op harren te stimmen. Dit kin troch op www.sjong.nl te sjen en dan in E-mail te stjoeren. Ek foar it filmke fan harren optreden is der in publykspriis. Dizze kinne jimme ek fyne fia www.sjong.nl.  





      Terug



    • Ytsen Renema
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Gebr. Van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Houtkachelwarmte
    • Skerven
    • Wereldwinkel
    • Yn.Ge.Wikkel
    • De Wolvetinte
    • Buma
    • Ida Hylkema
    • roeloffopma.nl



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl