• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 08 - 05 - 2010 - Oerpolder diel twa


    Hylke Speerstra is wer begûn mei it skriuwen fan in ferfolch op syn boek De oerpolder. Al yn 2007 skreau er in pear haadstikken. Mar der kaam in kink yn de kabel. Earst wie der in opdracht dy’t ik as iisleafhawwer mar min slûpe litte koe, it jubileumboek ta gelegenheid fan it ieufeest fan de feriening De Friesche Elf Stedentocht: ‘De kâlde krústocht’. En dêrnei koe blykber ‘It ferfolch’ op It wrede paradys net útbliuwe.

    Wannear ferskynt it ferfolch op De oerpolder? Speerstra: ‘Ik sil der grif wer mei ynmoed oan wurkje, mar freegje net wannear’t it boek krekt ôf is. In soad dingen moat ik earst útplúzje. De kâns bestiet dat it ferfolch yn twa dielen ferskynt, omdat it oars nóchris in ivichheid duorret foardat der wat ferskynt.’

    It ferhaal begjint om 1900 hinne. ‘Ja, in nije ieu, in nij lûd. Der wurdt in suvelkoöperaasje oprjochte, der komt in korps, de wrâld teart iepen.’  Yn de ferhalen bliuwt it Heidenskip de ‘thúshaven’ mar der wurdt net foarby gien oan wat fierder yn de wrâld yn it algemien en op it (Fryske) plattelân yn it bysûnder bart.

    De wurktitel fan syn nije boek is ‘De lytse freugde’. It binne de wurden fan de frou fan in Warkumer middenstander, makke yn de krisisjierren tritich. Der wie wol freugde, mar dy waard lyts holden troch drege tiden.’ 

    Sûnder mis sil Hylke de kommende tiid wer faak yn it Heidenskip omstrune.

    www.hylkespeerstra.nl

     



      Terug



    • Gebr. Van der Wal
    • Hielkje van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ida Hylkema
    • Houtkachelwarmte
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ytsen Renema
    • Wereldwinkel Workum
    • roeloffopma.nl
    • Buma
    • Yn.Ge.Wikkel



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl