• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 17 - 11 - 2019 - Raze om protters in It Swaeigat


    Raze om protters yn It Heidenskip

    It fâlt net ta om as immen mei in ‘afstand tot de arbeidsmarkt’ it paad te finen yn de hjoeddeiske maatskippij. Tryater naam ús freed 15 novimber yn it stik ‘Raze om protters’ mei yn it libben fan de autistyske Doede. Op in oandwaanlike en humoristyske wize, mar it sette ús ek oan it tinken.

    Doede, op in foartreflike manier spile troch Raymond Muller, is in jongeman fan 30 jier dy’t bij syn mem wennet. Hij hâld fan 3 dingen: dowen, strjitlantearns en Elske de Wall. En fan syn mem, mar dat is logysk fynt er. Syn mem hat reumatische atritis en se soargje beide foar mekoar, al ha se it dêr dreech mei. Doede is krekt ûntslein troch in misfersin op syn wurk en kin net mear dwaan wat er it leawst docht en it best kin: strjitlantearns meitsje. Casemanager Rikkert komt op it aljemint, dy’t him troch de formulieren fan de Partisipaasjewet liede moat. Mar Rikkert rint as hulpferliener sels ek fêst yn alle rigels, de bliepkes op syn tillefoan en syn eigen problemen thús. Thússoarch Zoë, in Australysk-Griekse dûnseres – en dat lit se op in geweldige manier sjen - , soarget op har eigen wize foar de mem en bringt Doede de holle noch mear yn de war.

    Doede hat syn nocht; no moatte se marris nei him lústerje. We moatte âldel oere nei him harkje en foaral net troch him hinne prate. ‘Myn holle wurket krekt oars as bij oaren, mar ik bin net ûnnoazel’, raast er. Boppedat: eltsenien is oars. Troch syn autisme nimt er alles letterlik wat minsken sizze. En dat bringt him hieltyd fjirder yn problemen. ‘Wêrom sizze minsken oare dingen dan dat se bedoele?’, freget er him ôf.

    As taskôger krigest mei de jongeman te dwaan. Mar it set ek oan it tinken. Doede lit sjen hoe’t in persoan mei autisme docht en tinkt en besiket syn paad te finen. Yn in maatskippij dy’t him net begrypt en net nei him lústeret. At it te folle út de hân rûn, waard eltsenien op ‘stil’ setten, krekt as foarhinne bij Tita Tovenaar. Dan koe Doede de wrâld wer efkes nei syn hân sette en fjirder gean mei syn ferhaal.

    Dat we foar syn ferhaal âldel oere stil wêze moasten, wie gjin straf. It hie noch wol langer duorje mochten. Tryater sette in prachtich, aktueel stik op de planken yn It Swaeigat yn It Heidenskip. De organisaasje wie yn hannen fan Nut Warkum, dy’t yn jannewaris It Heidenskip nochris oandocht mei Frysk toaniel.

    Ida Hylkema

     





      Terug



    • Buma
    • Slapen in It Heidenskip
    • Wereldwinkel
    • roeloffopma.nl
    • Ytsen Renema
    • Ida Hylkema
    • Houtkachelwarmte
    • Gebr. Van der Wal
    • Bouwkundigburo Kampen
    • De Wolvetinte
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Skerven



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl