op Befrijingsdei 5 maaie 2026

De gefolgen fan de Twadde Wrâldoarloch giene ek It Heidenskip net foarby. De generaasje, dy't it meimakke hat, is der sawat net mear, mar de ferhalen binne der noch wol. 

Oan de hân fan de beamer sil Gerrit Twynstra in oantal ferhalen út dy tiid fertelle. 

Mei tank oan in bydrage fan it V-fûns kinne wy dizze jûn organisearje. Jim wurde ûnfongen mei kofje/tee en in broadsje fan 19.00 oere ôf. 
Om likernôch 19.30 oere sil it ferhaal oer de oarloch ferteld wurde. 
Dêrnei rinne wy nei It Swaeigat, dêr't in frijheidsmiel foar ús klear stiet. 

Omdat wy yn ferbân mei de catering graach witte wolle hoefolle at der komme, kinne jim jim oant mei freed 1 maaie opjaan by Gerrit Twynstra: g.twijnstra@hccnet.nl

De tagong is fergees. Mar in lytse bydrage yn de bus dwaan, mei fansels altiten. 

Dizze kear gjin taarten, cakes of oare baksels, mar sop. Doe't Janny van der Heijden (71) frege waard it Befrijingssop of Frijheidssop 2026 te meitsjen, tocht se gelyk: "Wat eervol! Ik vond het fantastisch!” "Want ja," jout se ta: “Het recept voor de Vrijheidssoep mogen bedenken is wel een bucketlistdingetje, hoor!” It passet hielendal by hoe't de kulinêr skriuwster en tv-presintatrise oer iten tinkt. “De Vrijheidssoep is echt een goed initiatief. Ik zeg altijd: als er iets is dat verbindt, dan is het eten. Het is toch geweldig dat je soep kunt gebruiken om mensen bij elkaar te krijgen?”

“De radertjes in mijn hoofd begonnen meteen te draaien: ik wilde de Vrijheidssoep meer laten zijn dan alleen maar een soep waarmee je met elkaar aan tafel gaat. Het moet ook echt ergens voor staan.” Sa kaam sy op it idee fan in wite kleur sop. De basis bestiet út wite beannen, gember en kokosmolke. Mei ferskate toppings kin in eltsenien der syn of har eigen kleur oan jaan. “Het wit staat voor de vredesduif of de witte vlag”, leit se út.

Stichting Behear Tsjerkegebou It Heidenskip

Datum: tiisdei 5 maaie 2025
Tiid: 19.00 oere Ynrin kofje en tee; 19.30 oere It ferhaal
Plak: Heidenskipster tsjerke, Brânburren 18, 8724 LH It Heidenskip Vrijheidsmaaltijdenoverzicht