• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 23 - 04 - 2018 - Gerestaureerde molen De Snip heropend


    Freed 20 april. It wie in hiele moaie midzje om de sa prachtich renofearre Snip te heriepenjen. De môle en de minsken wiene yn feeststemming. De foarsitter fan de môlestichting dhr Boekhoven hat in lyts wurdsje dien en doe ha Henk en Arij Gaastra mei molenaar Meinderts de môle yn gong setten. De genoadigden, werûnder buorlju en âldbuorlju, koene ek fan binnen it raderwurk besjen. Sittend yn it warme aprilsintsje bliuwde it noch lang gesellich op de môlepôle. De Snip is wer klear foar desenialang draaien en pronkjen. Want wat is it in moai beeld as je It Heidenskip ynkomme. Sa as Arij Gaastra sei: "As ik de môle sjoch bin ik thús".

    (Ytsie Galama)

      









      Terug



    • Bouwkundigburo Kampen
    • Wereldwinkel
    • Buma
    • Houtkachelwarmte
    • Ytsen Renema
    • roeloffopma.nl
    • Ida Hylkema
    • Skerven
    • Yn.Ge.Wikkel
    • De Wolvetinte
    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl