• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 05 - 10 - 2020 - Natuurklusdag


    Ronkende kettingseagen klonken sneon 3 oktober út de reiden fan de Flulessen. De wurkgroep It Heidenskip Fûgelgebiet hie dizze dei in natuurklusdei organisearre. Der waard hurd wurke.

    Jong en âld gie oan de gong op it bûtendykse stikje lân oan de Feandyk, tusken de pleatsen fan fam Groenhof en Fentener fan Vlissingen (earst Westra). It bútlân is yn eigendom fan steatboskbehear en de provinsje en dizzen fine it tige moai dat we hjir as doarp aktyf mei oan de slach wolle. Op it bútlân lizze stobben yn de reiden en der groeie beammen. Hjirtroch kin in grut diel net meant wurde en komt er reit en rûchheit. Wy wolle it bútlân wer (meanber) en behearber meitsje sadat bysunder planten en fugels hjir wer in kans krije. En rofbisten in stik minder kans ha.

    Stap 1 is snoeie en offiere fan beamkes en alde stobben en dy is sneon setten.
     
    Ek is it hoekje by de blomkes fan de Hel winterklear makke. De blommen binne d'r wol, mar der is ek noch wol sa no en dan wat rûchheit. Dizze sneon ha we alle alde meande blommen oanharke. Dan kinne we kommende winter fjidder mei behear.
     
    Tusken de middei ha we lekkere snert iten yn it doarpshús.
     
     
    klik hjir foar foto's (Ida Hylkema)
     
     




      Terug



    • roeloffopma.nl
    • Buma
    • De Wolvetinte
    • Skerven
    • Gebr. Van der Wal
    • Houtkachelwarmte
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ytsen Renema
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ida Hylkema
    • Wereldwinkel



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl