14 - 07 - 2010 - 11 July: Nederlân-Spanje
Nederlân-Spanje 11 july
De sneons: Dat in groepke fan de behearskommisje krekt wer in diploma helle hat om alles regelje en beheare te meien. Ek ha se leard hoe as je om gean moatte mei ferfelende drinkers, binnen-rokers, relskoppers ensfh. Se wiene klear foar alle mooglike kalamiteiten. Mar doe waard it juny en july en yn de lesboekjes hie neat stien oer de sa populaire Vuvuselas (fuotbaltoeters). Dat foar de finale wedstriid Nederlân-Spanje (op it skerm yn it doarpshús) moast dêr noch al efkes oer nei tocht wurde.
Der sneins: Goed healwei njoggenen fan hús riden. Doe wie de wedstriid al begongen mar ik woe it ris meimeitsje dat der (hast) net ien op ‘e dyk wie. Earst rjochting Warkum, de trein kaam krekt oan by it ferlitten perron. Ien persoan stapte út. Doe in rûntsje rotonde; nergens in auto te sjen. Werom rjochting doarpshús ha’k de auto efkes útdien midden op de betonbrêge. Rûnom wie it stil. Echt stil, op in iensume ljip nei. Sa moat it op simmersneintejûnen 100 jier lyn ek west ha. Rjochting de Buurt kaam ik twa kuierders tsjin en Peek op’e fyts. Sa stadichoan dochs mar ris yn it doarpshús sjen. De Toonseal wie it warm en oranje. Fol oandacht siet elkenien nei de ferrjochtingen fan ‘ús’ jonges te sjen. Teminsten, yn it begjin. Doe’t der mar gjin doelpunten falle woene waard der ris faker om drinken rûn. En faker waard ris in praatsje makke mei in buorman. En faker moasten de minske nei’t húske. Oant fan ôf ûngefear 80ste minút it besef kaam dat der no dochs ris hast wat barre moast. Hjir moasten we op wachtsje oant der yn der 114de minút in doelpunt foel. Oan de ferkearde kant. Jammer. Wij ha sa it fermoeden dat “minsken fan tsjinst” dy jûns nei ôfrin noch lang yn de Toonseal sitten ha. Om de hapkes op te iten. De rest fan it publyk wie nei ôfrin yn in om ’e sjoch fuort. Al dan net yn triennen... It foardiel wie dan wer dat we de 3 oanwêzige Vuvuzela’s ek net folle heard ha. Der foel ommers neat te fieren.
Terug
|