• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 24 - 02 - 2012 - Priis 'it moaiste gehiel' foar Lolke Kampen en Sjoeke mei Calvano


    Foar it earst op it iis mei us hynder Calvano te Hyplen 11-2 2012.

    De tariedings hie Lolke al nommen, om it hynder  wennen te letten oan de arresliede bellen ofroune simmer. 2011. Doe de winter yn oantocht wie, it belletuch wer op it hynder syn rech lein. Te begjinne yn  de hynstebox , dan op e skuorreed it klokkespul op e rech, der mei rinne,en dan,de skuordoarren iepen.....De proppen yn de hoefyzers draaie ,de sturt uttyzje, de fuotten noch ris skjin spuitsje ,noch ris de boarstel der oer...

    De Amerikaanse cuttersliede  fan ongefear 1890 op e auto. It hynder yne hynstekarre, bontjassen en bontmutsen(Lolke hat in echte wolwebontjas), sjaalen en bontwanten bijelkoar skarrele en riede mei 't spul. 
    Op nei Hylpen, der oankommen, wiene der al drommen minsken en auto 's dy't plak sochten. 

    Bij it ynspannen, holpen  Thomas van der Gaast en us dochter Sjoeke, dy't ek mei heit yn e sliede soe en Lolke ek wol oanwizingen troch joeg, wat te dwaan as... 
    Dan op nei it it Iselmar , wer't 19 hynders om tuchden wer't ek allegear bellen oan hongen en rinkelden.
    Flaggen wapperden en tuzenden minsken stiene te sjen, te fotografearjen, te filmjen, TV Fryslan- de NOS -RTL , musyk, in omropper die skel en tige lud omropte...oei oei ik (Pytsje) hald myn hert fest!!!

    Calvano hie noch nea op iis stien (wol op't snie yn Harich), mar goed dat de boer de lije hie. It hynder hat in protte fertrouwen yn syn baas!! Calvano die snuufde seach en tripke en doe liet Thomas it hynder los, mei de mededieling as jo him net halde kinne, sjogge we jo wol wer yn Enkhuzen!!

    Der giene se Lolke en Sjoeke en Calvano. Lolke mende it hynder wer't ter him ha woe, selfs noch mei camera en al op e sliede. Yn e baan wer't de echte wedstriid plak foun, moast Calvano noch leare, te folle prikkels soe men hjoed te dei sizze. Hij begoun te galoppearen en dat is al tastien, mar dan twa galopkers en der wie Calvano de tel fan kwyt.

    Mar dochs us komplimenten  foar Lolke en  Calvano (die't  hast fiif is jier is) mochten der weze. Geweldig super hynder, wat liet er him moai sjen, wat roun der losjes, wit ik wat we/se allegear seine mei plumkers rjochting us team dat bestie ut  Lolke ,Sjoeke Thomas en Pytsje as fotograaf.

    Bij de priis utrikking, blykte dat Lolke en Sjoeke en Calvano mei it arresliidzjen te moaiste gehiel hiene en krigen in moai Hylper presentearbled.

    Lolke foun it moai dat er de priis wun hie sa spruts er de mannichte ta, mar sei els dy't mei die is in winnaar!!

     Pytsje Kampen







      Terug



    • Bouwkundigburo Kampen
    • Skerven
    • roeloffopma.nl
    • Wereldwinkel
    • Ida Hylkema
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ytsen Renema
    • Gebr. Van der Wal
    • Yn.Ge.Wikkel
    • De Wolvetinte
    • Houtkachelwarmte
    • Buma



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl